Cambuur-Zwolle noch net wis

09 feb 2009 - 13:36
  • Tiisdei wurdt it fjild keurd: spylje of net?

It is noch net wis oft de wedstriid tusken Cambuur en Zwolle tiisdei trochgean kin. It Cambuurfjild is noch foar in part beferzen. Tiisdeitemoarn sil it fjild keurd wurde troch de konsul. As der dan noch twifel is, dan sil it Cambuurfjild keurd wurde troch in KNVB-offisjel.

Cambuur-Zwolle stiet al foar de tredde kear op it program. Op 30 jannewaris en 3 febrewaris koe de wedstriid ek al net trochgean fanwege it minne fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)