Cambuur-Zwolle net útferkocht

19 maaie 2011 - 17:52

De wedstriid SC Cambuur-FC Zwolle is tongersdeitejûn net útferkocht. Der binne yn totaal 8330 kaarten ferkocht, mar der kinne 10.000 minsken yn. Cambuur-Zwolle is de earste wedstriid yn de play-offs om promoasje nei de earedivyzje. Snein is de return yn Zwolle.

De winner fan de twastriid spilet yn de finale tsjin de winner fan Volendam-VVV. Cambuur-Zwolle is jûn live te sjen op www.omroplive.nl en ek op Omrop Fryslân radio is der live ferlach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)