Cambuur yn play-offs tsjin MVV

27 apr 2012 - 23:00
  • SC Cambuur

Cambuur spilet de earste ronde fan de neikompetysje tsjin MVV. De Ljouwerters wûnen freed de lêste kompetysjewedstriid tsjin Telstar mei 3-1. De goals foelen allegear yn de twadde helte. Martijn van der Laan, Melvin de Leeuw en Charles Dissels wienen de skutters foar Cambuur. Willem II en FC Den Bosch wûnen beide ek en dat betsjut dat Cambuur de kompetysje einiget op in sânde plak. MVV waard achtste en dat is kommende tiisdei yn Maastricht om 20.00 oere de tsjinstanner fan Cambuur. Sneon 5 maaie is de return yn Ljouwert.

Cambuur ferlear freed 20 april de útwedstriid tsjin MVV mei 2-0. De thúswedstriid, op 4 novimber 2011, waard in 5-1 oerwinning foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)