Cambuur yn berop tsjin boete

30 apr 2009 - 10:32
  • Cambuur-direkteur Alex Pama is lulk op de KNVB

Sportklup_Cambuur giet yn berop tsjin de boete dy't se krigen hawwe fan it fuotbalbûn KNVB. De klup moat 10.000 euro betelje, omdat it de finansjele plannen net op 'e tiid ynlevere hawwe soe by it bûn.

Dat hie foar 5 jannewaris moatten, mar om't direkteur Alex Pama doe mei longûntstekking yn it sikehûs lei, koe Cambuur de plannen pas op 8 jannewaris foarlizze oan de KNVB. Eventueel wol Cambuur sels foar de rjochtbank ferskine om harren gelyk te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)