Cambuur wreidet spilersfûns út

12 jun 2008 - 14:02

SC_Cambuur wreidet it spilersfûns út mei in twadde fûns. No is der ien fûns dêr´t de dielnimmers minimaal 50.000 euro ynlizze moatte. It fûns is bedoeld om spilers oan te lûken. It ynlisbedrach yn it nije fûns is 25.000 euro, sadat ynvestearders mei minder jild Cambuur ek stypje kinne.

Mei it nije fûns wol Cambuur jonge, talintfolle spilers oanlûke. As dy spilers letter wer ferkocht wurde, giet in part fan it jild nei Cambuur en de rest giet nei de ynvestearders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)