Cambuur wol Sieme Zijm oanlûke

17 apr 2008 - 15:33

SC_Cambuur hat fleugelferdigener Sieme Zijm in oanbieding dien. Zijm wurdt op dit stuit troch Excelsior ferhierd oan FC_Dordrecht. Yn it ferline spile de 30-jierrige linkerferdigener foar AZ, Zwolle, Sparta en Go Ahead Eagles.

De komst fan Zijm hinget ûnder oare ôf fan de posysje fan Excelsior. De Rotterdammers degradearje mooglik nei de Jupiler_League. Rudy_Jansen, dy't al fan Excelsior hierd wurdt, sit yn deselde sitewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)