Cambuur wol Porsche as sponsor

03 apr 2008 - 09:50
  • Porsche Centrum Groningen wurdt nei alle gedachten in nije sponsor fan Cambuur.

Porsche_Centrum_Groningen wurdt nei alle gedachten in nije sponsor fan Sportclub Cambuur. De Ljouwerters binne yn fiergeande ûnderhanneling mei it autobedriuw. Neffens Cambuur sil Porsche in substansjeel bedrach betelje.

Cambuurdirekteur Alex Pama woe de nije sponsor op de bedriuwekontaktdagen yn it WTC-Expo al bekendmeitsje. Doe kamen beide partijen noch net ta in akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)