Cambuur wol Jongsma en Lopes

21 jan 2008 - 15:56
  • Cecilio Lopes

SC_Cambuur wol him graach fersterkje mei Anton_Jongsma en Cecilio_Lopes. Jongsma spilet op dit stuit foar FC_Zwolle mar wol syn kontrakt dêr noch net ferlinge. Cambuur hat in bod op him útbrocht, sadat hy takom seizoen yn Ljouwert fuotbalje kin.

Dêrneist wol Cambuur foar de rest fan it seizoen Cecilio_Lopes fan SC_Hearrenfean hiere. De oanfaller spile earder ûnder trainer Jurrie_Koolhof by Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)