Cambuur wol jild nei rellen

10 mrt 2014 - 14:11
  • In soad supporters koene de wedstriid net sjen

Cambuur wol finansjele kompensaasje foar de supporters dy't dupearre binne troch de rellen fan snein yn Amsterdam. Dat skriuwt de klup op syn webside. In grutte groep supporters dy't ôfreizge wie foar de wedstriid tsjin Ajax hat dy wedstriid úteinliks net sjoen.

Nei oanlieding fan de rellen yn it sintrum en by it stadion naam boargemaster Van der Laan fan Amsterdam it beslút dat de Cambuur-supporters it stadion net yn mochten. Bussen dy't noch ûnderweis wiene, waarden weromstjoerd. Cambuur wol dat de saak útsocht wurdt en de skea fergoede.

Supporters fan Cambuur waarden by it stadion bekûgele mei stienen en bierfleskes. Ferskate supporters rekken ferwûne en moasten foar behanneling nei it sikehûs.

Fuotbalklub Ajax wol jild hawwe fan Cambuur foar de fernielings dy't pleegd binne by de rellen. Neffens de Amsterdamse klup binne ferskate tagongpoartjes en stekken fernield. Hoe grut de skea krekt is, kin Ajax net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)