Cambuur wol ôf fan Derksen

08 nov 2002 - 00:00

Reserve-spits Dirk Jan Derksen hat fan Cambuur te hearren krigen dat er omsjen mei nei in oare klub. Derksen wie yn it seizoen 99/2000 topskoarer fan 'e earste divyzje. Hy makke doe foar Zwolle 28 goals. Dy status hat Derksen by Cambuur nea wiermeitsje kinnen. By Cambuur wie er ynfaller.

Yn 'e topper tsjin Heracles moat Cambuur it sneon dwaan sûnder spits Jan Bruin en ferdiger Robert Loontjes. Beide spilers binne blessearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)