Cambuur wol EK foar froulju

11 jul 2006 - 10:44

Cambuur hat it stadion beskiber steld foar it Europeesk kampioenskip foar froulju yn 2009. Nije wike krijt de KNVB te hearren oft Nederlân yndie it EK organisearje mei. Is dat it gefal dan is it Cambuurstadion ien fan de kandidaat-stêden, dêr't wedstriden spile wurde sille.

Neffens Cambuur-direkteur Alex Pama, dy't jierrenlang yn Amearika wurke hat, wurdt frouljusfuotbal ek yn Nederlân hieltyd populêrder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)