Cambuur wol De Graaf fêstlizze

11 jul 2013 - 14:34

Sportklup Cambuur is mei testspiler Jeremy de Graaf yn ûnderhanneling oer in kontrakt. De Graaf hat de ôfrûne twa wike meitraind by Cambuur en hat in goede yndruk achterlitten. Foar De Graaf fielt it allegear as in jongesboek, want ferline jier spile hy noch by de amateurs fan haadklasser VVOG.

'Ik had nooit gedacht deze kans nog te krijgen', sa seit de oanfaller. Op foarspraak fan trainer Dwight Lodeweges, no by Cambuur mar ferline jier noch by VVOG, is De Graaf by Cambuur kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)