'Cambuur wist fan kninepleach'

30 jun 2009 - 10:59

It wie by Cambuur bekend dat trainingskompleks de Hertgang yn Ljouwert moandei net brûkt wurde koe foar de earste training. Dat seit BV Sport, dy't it kompleks yn ûnderhâld hat. Op it fjild sitte frijwat kninen, dy't earst bestriden wurde moatte.

Cambuur soe útwike nei VV Ljouwert, mar de klup keurde dat fjild ôf omdat der trekkerspoaren yn sitte soenen. Neffens de BV Sport gie it om brune plakken yn it gers en koe it fjild wol brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)