Cambuur wint yn Helmond

14 aug 2009 - 23:00
  • Cambuur-spits Ruud ter Heide skoart wer (foto Dirk Jan Haarsma)

SC Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Helmond Sport mei 4-2 wûn. Nei in betide goal fan Voskamp foar de thúsploech, makke Jeffrey de Visscher flot dêrnei de lykmakker.

Yn de twadde helte makke in better Cambuur dien wurk troch doelpunten fan Hese en Maachi. Helmond Sport spile nei dy 3-1 fan Cambuur mei tsien man troch in reade kaart fan Mark Veldmate. Ruud ter Heide en Jeroen Veldmate soargen foar de einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)