Cambuur wint yn 'e Wâlden

23 jul 2011 - 07:49

Cambuur hat syn foarlêste oefenwedstriid wûn. Freedtejûn waard yn Koatstertille 3-0 spile tsjin in regioteam út de Wâlden. Alle doelpunten foelen yn de twadde helte. Mark de Vries skoarde twa kear, Leon Hese ien kear. Yn it regioteam sieten ûnder oare âld-Cambuurspilers Ale Geert de Vries en Ale de Boer en ek in tal spilers fan Harkemase Boys.

Tsjin dy lêste ploech spilet Cambuur nije wike noch in oefenwedstriid. Op 8 augustus begjint de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)