Cambuur wint yn Dordrecht

28 sep 2002 - 00:00

SC Cambuur hat foar it earst sûnt 22 maart wer ris in útwedstriid wûn. Cambuur wûn yn Dordrecht mei 2-3 fan 'e pleatslike FC fia in goal yn 'e 93-ste menút fan Jan Bruin.

De oare Cambuur-goals wiene fan debutant Angelo Martha en Dave Rogers. Rogers krige ek in giele kaart. Trainer Rob McDonald wie út 'e skroeven oer de oerwinning yn Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)