Cambuur wint wer mei 7-0

10 jul 2007 - 23:07

Cambuur hat ek de twadde oefen- wedstriid mei 7-0 wûn. Yn Deinum waard it tsjin Sparta'59, dat mei inkele regiospilers fersterke wie, in drege earste helte.

Yn de 23ste minút makke de nije oanwinst Marc Mboua de 1-0. Hy soarge ek foar de 2-0 stân by it skoft. Yn de twadde helte waard it troch twa doelpunten fan Marinus Dijkhuizen en Chris de Wagt en in treffer fan Jeroen Ketting 7-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)