Cambuur wint rom fan VV Kollum

17 jul 2014 - 06:16
  • Cambuur pakte in romme oerwinning op VV Kollum

Sportklup Cambuur hat woansdeitejûn de oefenwedstriid tsjin VV Kollum mei 14-1 wûn. Op sportpark Baensein yn Kollum wist de thúsploech de skea foar rêst noch beheind te hâlden ta in 5-0 efterstân. Nei it skoft hienen de Ljouwerters it fizier op skerp en rûnen se ienfâldich út nei 14-0. Pas yn de slotsekonden soarge Joop Pijnacker foar de Kollumer earetreffer.

De folgjende oefenwedstriid fan Cambuur is no sneontemiddei. Dan nimt de ploech fan trainer Henk de Jong it om fjouwer oere yn Doetinchem op tsjin De Graafschap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)