Cambuur wint rom fan Dordrecht

04 okt 2014 - 21:33
  • Cambuur fiert feest
  • Sander van de Streek

SC Cambuur hie sneontejûn in dreamstart yn de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht. Binnen in minút strafte Daniel de Ridder gegriem fan de Dordtenaren ôf mei in moai lobke. Fiif minuten letter wie it al 2-0 troch Bartholomew Ogbeche. Cambuur wie fierwei de baas op it eigen fjild, mar de stân soe earst nei it skoft wer feroarje. Twa goals fan Ogbeche yn de 53e en Sander van de Steek mei in prachtige knal yn de krusing yn de 57e minút betsjutte 4-0 foar de Ljouwerters.

Fiif minuten foar de ein makke Rihairo Meulens de earetreffer: 4-1.

Cambuur stiet no mei 15 punten út acht wedstriden op in dield earste plak yn de earedivyzje, mar PSV hat in better doelsaldo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)