Cambuur wint op it lêste momint

06 maaie 2001 - 00:00

Cambuur kaam sneontejûn mei de skrik frij. De Ljouwerters wûnen op it nipperke fan Haarlem. De einstân makke in soad goed, want Cambuur spile in minne wedstriid. Kenneth Goudmijn makke de ferlossende goal yn blessueretiid.

Mei 3 punten derby bliuwt Cambuur op skema wat 'e neikompetysje oanbelanget. Yn 'e fjirde perioade gean se oan 'e lieding. Dordrecht folget op 2 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)