Cambuur wint oefenwedstriid

10 jan 2009 - 16:43

It oefenduel tusken ONS Snits en Cambuur yn Snits is sneontemiddei einige yn in 5-2 oerwinning foar de Ljouwerters. Lang bleau it spannend. Sa wie oant en mei de 82e minút de tuskenstân noch mar 3-2 foar Cambuur troch doelpunten fan Guijt, Brack (in pennel) en Tol.

Foar ONS Snits skoarde Klaas Johan Knevelman twa doelpunten. Yn de lêste minuten fan dizze oefenpot rûn Cambuur út nei de einstân troch lette treffers fan Marc Mboua en Anco Jansen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)