Cambuur wint oefenwedstriid

17 nov 2004 - 00:00

Cambuur hat tiisdei in oefenwedstriid tsjin haadklasser Urk mei 5-0 wûn. De wedstriid wie organisearre om te sjen hoe't it gong mei Thijs Houwing, Bernard Schuiteman en Michel van Zundert om't se weromkamen fan in blessuere.

Middenfjilder Jelmer Slager en oanfaller Mikka Ilo binne foarearst weromset nei de twadde seleksje. Beide spilers wienen gjin fêste kar. De kontrakten fan Slager en Ilo rinne oan de ein fan dit seizoen ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)