Cambuur wint mei 5-0

15 jan 2005 - 00:00

Cambuur hat sneon de oefenwedstriid tsjin sneons earsteklasser Drachtster Boys mei 5-0 wûn. De earste helte ferrûn muoisum. Kânsen wiene der wol foar de Ljouwerters, mar allinnich útblinker Raymond Bronkhorst slagge deryn de goal te finen.

De twadde helte gie it hieltyd better. It waard úteinlik yn it Cambuurstadion noch 5-0 troch doelpunten fan Dominique van Dijk, Thijs Houwing en noch twa fan Raymond Bronkhorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)