Cambuur wint mei 3-0

04 mrt 2006 - 00:00

Cambuur spile freed yn it eigen stadion ien fan de bettere wedstriden fan dit seizoen. De Ljouwerters wiene mei 3-0 te sterk foar MVV. Cambuur makke in pikstart troch al yn de earste minút te skoaren. Dy earste goal kaam op namme fan Stegeman. Nei fiif minuten stie it al 2-0 troch in goal fan Holwijn.

Nei it soarge Karim foar de 3-0 op it skoareboerd. Cambuur spile goed en hie mei noch wol gruttere sifers winne kind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)