Cambuur wint mei 3-0

28 nov 2011 - 22:15
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat moandeitejûn de wedstryd tsjin Almere City mei 3-0 wûn. De rêststân wie 1-0 foar de thúsploech troch in doelpunt fan Erik Bakker. Cambuur spile in grut part fan de wedstryd tsjin 10 man, nei't in spiler fan Almere mei read fan it fjild stoerd waard om't hy mei de earmtakke Cambuur-spiler Hese in brutsen noas sloech. Yn de lêste tsien minuten soargen Bob Schepers en Martijn van der Laan foar de 3-0 einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)