Cambuur wint Fryske twastriid

26 jan 2014 - 14:25
  • Gjin derby tsjin Hearrenfean foar Ogbeche
  • Elvis Manu mei de iepeningstreffer
  • Grut feest nei ôfrin fan de 3-1 oerwinning op SC Hearrenfean

SC Cambuur hat snein yn eigen stadion revâns naam troch de wichtige Fryske twastriid mei 3-1 te winnen fan Hearrenfean. Binnen fiif minuten brocht Elvis Manu it stadion yn ekstaze mei de iepeningstreffer. Bartholomew Ogbeche spile in haadrol troch de bal troch te koppen, wêrnei't Manu it ôfmakke mei in lobke.

Op slach fan rêst krige Ogbeche it publyk op 'e banken mei de 2-0. Yn de 69e minút wie it Jody Lukoki dy't de wedstriid definityf yn it slot smiet mei de tredde Ljouwerter treffer. Alfred Finnbogason soarge úteinlik foar de einstân.

Ogbeche krige ûnder in daverjend applaus in publykswiksel. De Nigeriaanske spits waard útroppen ta Man of the Match.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)