Cambuur wint fan Volendam

31 maaie 2003 - 00:00

Cambuur hat him freed wersteld fan de swiere nederlaach tsjin Go Ahead Eagles fan ferline wike. De Ljouwerters wûnen thús mei 2-0 fan Volendam. Nei rêst besoargen Harvey Bischop en Maickel Ferrier de thúsklub foar 3000 taskôgers de oerwinning.

It wie de lêste kompetysjewedstriid. Cambuur einige op it 11e plak mei 40 punten út 34 wedstriden. By Cambuur namen in tal spilers ôfskie, wêrûnder 'mister Cambuur' Johan Abma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)