Cambuur wint fan Veendam

06 aug 2010 - 22:12

Cambuur hat de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de nije kompetysje mei 1-0 wûn fan Veendam. Yn it Cambuur stadion makke Nassir Maachi yn de lêste minút de iennige goal fan de wedstriid.

It wie net al te bêst wat Cambuur in wike foar it begjin fan de nije kompetysje sjen liet. Trainer Menzo wie net tefreden, mar hy hie ek wol in pear goeie dingen sjoen, sa sei hy. Cambuur begjint de kompetysje freed mei in útwedstriid tsjin FC Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)