Cambuur wint fan Veendam

25 jul 2001 - 00:00

Cambuur spile tiisdei yn it Drintse Vries in oefenwedstriid tsjin Veendam. De Ljouwerters wûnen mei 3-0 fan harren kollega earste-divyzjeklub. It wie goed te sjen dat Cambuur fierder wie yn de tarieding op it nije seizoen.

De goals fan Cambuur wiene fan Dominique van Dijk yn de earste helte en fan Jan Bruin - fia in penalty - en Geert Jelle de Vries yn de twadde helte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)