Cambuur wint fan Top Oss

29 apr 2001 - 00:00

De neikompetysje komt wer in stikje tichterby foar Cambuur. It team hat justerjûn mei 1-2 wûn fan Top Oss.

Tidens de rêst wie de stân noch 0-0. In kertier foar it ein makke topskoarer Stefan Janse in punt foar Top Oss. Kenneth Goudmijn naam direkt revâns en makke de stân 1-1. In treffer fan Fabian de Freitas yn de 89e minuut brocht de einstân op 1-2 foar Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)