Cambuur wint fan SWS Snits

04 jul 2013 - 09:14
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat woansdei it oefenduel tsjin haadklasser Snits Wyt Swart Boso Snits mei 5-0 wûn. Doelpunten waarden makke troch Barto, Bakker (strafskop), Hemmen, Boersma (eigen doelpunt) en Brands. De Snitsers wiene de earste serieuze tsjinstanner fan Cambuur yn 'e oanrin nei de earedivyzje. Snits is al twa wiken yn training en wûn ôfrûne freed noch mei 3-1 fan Staphorst. By de Ljouwerters die Jeremy de Graaf mei. De Graaf komt fan VVOG en is in wike op proef by Cambuur.

De Amerikaan Marcus Salandy-Defour is ek op proef, mar mei neffens Amerikaanske regeljouwing gjin oefenwedstriden spylje by in betelle fuotbal organisaasje. De 19-jierrige Defour die om dy reden net mei Cambuur mei, mar fuotballe by Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)