Cambuur wint fan Roda JC

22 feb 2014 - 23:12

Cambuur hat sneontejûn goeie saken dien troch mei 1-0 te winnen fan Roda JC. De Limboargers kamen it bêste út de startblokken, mar Donald miste in opleine kâns. Yn de twadde helte krige Cambuur de bêste kânsen. Martijn Barto krige de moaiste, mar hy miste.

Yn de slotfaze moast Roda JC mei 9 man fierder nei reade kaarten fan Luijckx en Ramos. Cambuur profitearre yn de blessueretiid troch in goal fan ynfaller Paco van Moorsel. Cambuur stiet no op it 12e plak mei 29 punten út 25 wedstriden. Dat binne der sân mear as de nûmer lêst Roda JC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)