Cambuur wint fan RBC

16 des 2006 - 12:40

SC Cambuur hat freedtejûn foar opskuor soarge troch thús mei 2-1 koprinner RBC Roosendaal te ferslaan. RBC kaam yn de 19e minút al op foarsprong troch Melvin Fleur, mar Cambuur luts yn dy minút de stân fuort wer lyk troch in kopbal fan Jeroen Ketting.

Tsien minuten foar tiid skeat Joris van Rooijen mei in ôfstânsskot Cambuur nei de 2-1 oerwinning. De wedstriid soe hast net trochgean troch it opstappen fan 60 stewards.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)