Cambuur wint fan koprinner RKC

29 feb 2008 - 22:52

Cambuur hat freedtejûn mei 2-0 wûn fan koprinner RKC. Dêrtroch steane de Ljouwerters net langer lêste yn de Jupiler League. De oerwinning wie fertsjinne, al krige ek RKC in pear bêste kânsen. Peter van der Vlag koe syn goal lykwols in pear kear knap skjin hâlde.

Cambuur kaam in minút foar it skoft op foarsprong fia Halil Colak. Jurrick Juliana bepaalde yn de twadde helte de einstân op 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)