Cambuur wint fan Koatstertille

10 jul 2013 - 10:48
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn de amateurs fan Koatstertille mei 7-0 ferslein. By it skoft wie it 3-0 troch goals fan Erik Bakker, Michiel Hemmen en testspiler Jeremy de Graaf. Yn de twadde helte soarge Hemmen mei syn twadde goal foar de 4-0. Dêrnei makken ek Paco van Moorsel, Martijn Barto en de Deenske testspiler Oliver Feldballe noch in doelpunt.

It wie foar Cambuur de lêste wedstriid tsjin in amateurklup. Sneon is de earste echte test tsjin Sparta Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)