Cambuur wint fan Heracles

22 aug 2014 - 22:46
  • Michiel Hemmen

SC Cambuur hat freedtejûn syn earste oerwinning fan it seizoen helle. Op besite by Heracles Almelo waard mei 1-0 wûn. It duorre lang foardat de goal foel, earst yn de 92e minút slagge Michiel Hemmen deryn te skoaren. Heracles spile doe al rom tweintich minuten mei tsien man, nei in twadde giele kaart foar Oussama Tannane.

Cambuurspiler Wout Droste rekke yn de 55e minút ferwûne. Hy rekke by in botsing út de tiid en is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)