Cambuur wint fan Helmond Sport

28 jan 2006 - 00:00

Fuotbalklub Cambuur fan Ljouwert wûn freed mei 1-2 yn de útwedstryd tsjin Helmond Sport. Koen Brack skoarde yn de earste minút. De lykmakker kaam op namme fan Kalabro. Yn de 71ste minút skoarde Bronckhorst wer foar Cambuur.

Cambuur hie mear kânsen op in goal, mar de ploech spile goed en joech neat wei. It slagge keeper Van der Vlag om de bal twa kear fuort te tikjen. Troch de kjeld wie it fjild bikkelhurd en hobbelich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)