Cambuur wint fan FVC mei 8-0

13 jul 2014 - 11:30
  • Cambuur-FVC

SC Cambuur hat sneontejûn de oefenwedstriid tsjin stedsgenoat FVC mei 8-0 wûn. By de rêst stie it al 6-0 en dat wie ek it bêste part fan de wedstriid. De 1-0 kaam fan Gianluca Nijholt dy't syn lêste testwedstriid spile foar de Ljouwerters.

Nijholt krige snein te hearren dat de technyske stêf fan Cambuur syn komst posityf beoardiele hat. No moatte se der finansjeel noch útkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)