Cambuur wint fan Fortuna

22 apr 2011 - 22:59

Cambuur hat freed mei 2-1 wûn fan Fortuna Sittard. De Ljouwerters spilen in strieminne earste helte. Al yn de 8e minút stie it 1-0 foar Fortuna troch in goal fan Paddy John.

Yn de twadde helte kaam Cambuur wat better foar it ljocht. Gijs Luirink skoarde de lykmakker yn de 54e minút en de winnende goal kaam yn de 76e minút op namme fan Mark de Vries. Cambuur stiet no fyfde op de ranglist en is sa goed as wis fan in plak yn de neikompetysje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)