Cambuur wint fan FC Zwolle 2-1

19 maaie 2011 - 21:54

Cambuur hat tongersdei de earste wedstriid yn de play-offs wûn fan FC Zwolle. Yn in spannende wedstriid mei goed 8.000 supporters kaam Cambuur yn de 52e minút op achterstân troch in goal fan Schreurs.

Binnen tsien minuten kamen de Ljouwerters lykwols op gelikense hichte troch in goal fan Mark de Vries. Yn it lêste kertier gie Cambuur op jacht nei de winst en dat hie as resultaat Mark de Vries yn de 87e minút de winnende treffer meitsje koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)