Cambuur wint fan Excelsior

04 des 2004 - 00:00

Cambuur hat freed foar eigen publyk fan Excelsior wûn mei 1-0. Yn de 70ste minút skoarde ynfaller René van de Wey út Stiens de winnende goal foar de Ljouwerters.

De opluchting en bliidskip nei ôfrin fan de wedstriid wienen grut by de spilers en trainer Dick de Boer. Nei fjouwer jier wie it Cambuur wer ris slagge om fan Excelsior te winnen. Cambuur bliuwt 16de mei 17 punten yn de earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)