Cambuur wint fan Emmen

14 feb 2011 - 22:44
  • Oguzhan Türk skoarde ek wer

SC Cambuur hat moandeitejûn mei in oertsjûgjende 4-0 wûn fan FC Emmen. It is foar de Ljouwerters de tredde oerwinning op rige.

It begjin wie foar thúsploech Emmen, mar nei de earste goal fan Reza Ghoochannejhad yn de 38ste minút waarden de Ljouwerters baas op it fjild. Reza makke noch twa en Oguzhan Türk skeat in frije traap binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)