Cambuur wint fan Emmen

02 aug 2014 - 19:47
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat ek de lêste oefenwedstriid fan dit seizoen wûn. Nei de iepen dei wienen de Ljouwerters mei 4-1 te sterk foar FC Emmen. De earste helte spile Cambuur net bêst. Emmen kaam yn de yn 17e minút op foarsprong troch in goal fan Frank Olijve. Ogbeche soarge op slach fan rêst foar de lykmakker.

Yn de twadde helte spile Cambuur folle better. Troch goals fan Hemmen (2 kear) en Meleg kaam de 4-1 einstân op it boerd. Sander van de Streek foel yn de 56e minút út. Hy hat it skouder út de kom. Dat kostet him minimaal trije wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)