Cambuur wint fan Eindhoven

18 nov 2006 - 11:55

Cambuur hat freed mei 2-0 wûn by Eindhoven. De wedstryd waard yn de earste helte beslist. Cambuur wie doe folle better en nei in heal oere spyljen wie it binnen fjouwer minuten dien. Jeroen Ketting en Paul Mulders makken de doelpunten.

De Ljouwerters hawwe noch in teoretyske kâns om de tredde perioade te winnen. De Graafschap en VVV moatte dan ferlieze, wylst Cambuur winne moat fan Stormvogels/Telstar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)