Cambuur wint fan Dordrecht

14 aug 2010 - 07:58

SC Cambuur hat freedtejûn yn Dordrecht de earste kompetysjewedstriid fan dit seizoen mei 1-0 wûn fan FC Dordrecht. It doelpunt kaam yn de 67e minút troch in kopbal op namme fan Sandor van der Heide. De bal rekke de ûnderkant fan de latte en der wie noch efkes twivel of de bal wol oer de line wie, mar neffens Van der Heide wie dat wol dúdlik it gefal.

Ek skiedsrjochter Wegereef gie dêr yn mei. Cambuur stiet nei dizze earste wedstriid op in twadde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)