Cambuur wint fan Dordrecht

19 sep 2009 - 02:06
  • Léon Hese (foto: Dirk Jan Haarsma)

SC Cambuur hat freedtejûn de topper tsjin FC Dordrecht mei 3-2 wûn. Thúsploech Dordrecht kaam troch John Verhoek op foarsprong, mar Léon Hese makke út in frije traap de lykmakker. Yn de twadde helte sette Mark de Vries de Ljouwerters op foarsprong. Nassir Maachi makke dy foarsprong noch grutter: 1-3. Yn de ekstra tiid waard it troch Ibad Muhamadu noch 2-3.

Cambuur klom troch de winst nei it twadde plak mei 18 punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)