Cambuur wint fan De Graafschap

19 nov 2012 - 23:17
  • SC Cambuur
  • Yuri Rose

SC Cambuur hat moandeitejûn mei 2-0 wûn fan De Graafschap. Dy oerwinning wie mear as wolkom want de Ljouwerters wisten de lêste fjouwer wedstriden net te winnen. It spul yn it Cambuurstadion wie fan beide kanten net goed.

Krekt foar it skoft kopte Michiel Hemmen raak út in hoekskop fan Oebele Schokker. Deselde Schokker skeat yn de twadde helte in frije traap binnen. It like noch even spannend te wurden doe't Yuri Rose in reade kaart krige. De Graafschap wie mei in man mear lykwols net by machte om Cambuur sear te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)