Cambuur wint fan better Haarlem

13 des 2003 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 wûn fan Haarlem. Cambuur hie yn it begjin fan de wedstriid gelok dat Haarlem net skoarde út fjouwer grutte kânsen. Dominique van Dijk sette de wedstriid op 'e kop mei twa fantastyske goals.

Yn it begjin fan de twadde helte makke Jan Bruin der 3-0 fan. Yn de 58e minút skoarde Jeroen Ketting de iennichste goal foar Haarlem. Martijn Rozenburg makke in goed debút yn de Cambuur- basis. Hy is de fyfde út syn famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)