Cambuur wint fan amateurs ACV

13 aug 2003 - 00:00

Fuotbalklup Cambuur spilet yn 'e twadde ronde fan 'e Amstel Cup yn en tsjin Haarlim. Tiisdei wûn Cambuur yn 'e earste ronde mei 1-4 fan ACV yn Assen. De Ljouwerter doelpunten kamen fan Jan Bruin, Manuel Bölstler, Rocky Siberië en Henk Versteeg.

By de lotting foar de twadde ronde waard fierder bekend dat de winner fan 'e wedstriid SDC/Putten - Hearrenfean spylje moat tsjin de winner fan Jong Hearrenfean - AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)