Cambuur wint fan Almere City

17 jul 2013 - 21:57
  • Michiel Hemmen

Sportklup Cambuur hat ek de twadde serieuze test fan de tarieding mei in oerwinning ôfsletten. Yn Menaam waard Almere City mei 1-0 ferslein. It doelpunt foel oan de begjin fan de twadde helte. Nei in knappe aksje fan Martijn van der Laan koe Michiel Hemmen binnensjitte.

De wedstriid wie fierder net geweldich, fûn ek trainer Dwight Lodeweges. 'We hebben de afgelopen dagen erg zwaar getraind, het viel mij nog mee dat de spelers na een uur nog konden staan', sei Lodeweges. De trainer hopet yn alle liny's noch op in fersterking.

Cambuur wol graach PSV-middenfjilder Marcel Ritzmaier hiere. De klups binne der al út, mar PSV-trainer Philip Cocu wol Ritzmaier foarearst noch by de seleksje hâlde. Dat hat te krijen mei de ferkeap fan Kevin Strootman en mooglik giet ek Ola Toivonen noch fuort út Eindhoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)